Gedichten
Leare (gast)
- Gegevens
- Categorie: Poëziealbumversjes
- Gemaakt op zaterdag 24 mei 2014 07:26
- Geschreven door Piety Veenema
Leare
Libje dat is leare
It hiele libben troch
Leare dat is libje
En it is nea omdoch
Wol in minske werklik libje
Dan is wat leare nûmer ien
Want hâldt men op mij learen
Dan is ’t libjen hiel gau dien
In minske leart salang ’t er libbet
En jou yn ’t learen nea belies
Want de tiid sil it ús wol leare
Al learende wurdt de minske wiis
Libjen dat bliuwt learen
Elke dei wer oan
Leare dat bliuwt libjen
En sa is ’t libben tige skoan
Uit: “De sirkelgong fan de tiid” – van Wieke de Boer-Hiemstra
Geplaatst in “De Bining” van de Friese CPB, januari 2014