Gedichten

SILLE WY? - Fries (2)

 

Sille wy?

Net oer tûzen dagen
Net nei noch safolle fragen

Mar sûnder foarbehâld
ús tabetrouwe
oan inoar

Sille wy it weagje
Do en ik

Sille wy?
 

 Fryske versie: Lieuwe Meekma, Ferwerd

Bêste Piety,
Neffens my sit it tige knap yninoar. Ek dat fyn ik in grutte keunst.
Ik soe it sa net kinne. Sinteklazegedichten lizze my better.
Janke frege my op dyn fersyk it nei te sjen op mooglike flaters. No bin ik net sa’n grutte saakkundige op dit mêd.
Mar ik sil it besykje. De twadde rigel begjint mei in lytse n. Soe dat ek net mei in haadletter begjinne moatte?
It wurdsje “nog” freget om in ch yn stee fan g.
Dan de “reserves.” Neffens my soe dat frysker oerkomme mei “foarbehâld.” Ik leau dat dat ek wol goed rint.
“Sille wy ’t weagje”. Myn geffoel seit dat “Sille wy it weagje”, moaier oerkomt.
Dit is dan myn sjenswize. Ik lit it fansels graach oan dy oer om er mei te dwaan wat dy goed liket.
Ta eintsjebeslút, de hertlike groetnis fan út Ferwert wei. Ek fan Janke.
Graach oant sjen of hearren, Lieuwe.